Klaas van Wieren

Klaas van Wieren

Klaas was onder de schooljongens al succesvol.
In 1957 won hij de Schooljongens-Bondswedstrijd met Geert van der Kooi en Sirnon Maillé.
Bij de jongens kon hij echter de Freule niet op zijn naam schrijven, noch de Jong-Nederland partij.
De gloriejaren vangen aan in 1964, als hij eersteklasser wordt.
In 1965 wordt hij koning van de partij in Kimswerd en op de Oldehovedag. Een jaar later zet de stijgende lijn zich door met acht eerste prijzen.
In 1967 wint hij tien eerste prijzen. Maar de grootste overwinning is dat jaar het winnen van de PC, waarop hij ook koning wordt.
Hij is dan gesteld met Johan Halbesma en routinier Hotse Schuil. Hotse is dan al 42 jaar, maar wil nog een record op zijn naam zetten.
Het was de drieëntwintigste keer dat hij het Sjúkelan betrad.
Schuil had al vijf eerdere PC-overwinningen op zijn naam staan, waarvan hij drie keer koning werd, maar zijn laatste overwinning dateerde al uit 1953.
In de finale troffen ze Johan van Seijst, Tamme Velstra en Johannes Westra tegenover zich, die favoriet waren.
Maar zij moesten op 5-4 en 6-6 hun meerdere erkennen in het partuur van Klaas.
Natuurlijk volgt in Marssum een verdiende huldiging. J. Keestra, de voorzitter van Foarút, memoreerde in zijn openingswoord, dat sinds 1904 geen Marssumer meer PC-koning was geworden.
Toen was het Pieter Hovinga geweest, die de titel op zijn naam bracht.
Terecht, dat de Marssumers trots waren op “hun” Klaas, die namens het bestuur een tabaksdoos met inscriptie kreeg aangeboden.
Burgemeester H. Hoekstra van Menaldumadeel bracht een enveloppe met inhoud mee voor de winnaars.

Topjaren

1970 wordt een topjaar. Klaas, inmiddels inwoner van Menaldum, kaatst 58 klassementspunten bij elkaar en wint voor de tweede keer de PC.
Hij streed samen met zijn maten Gerrit Okkinga en Dirk Talsma.
De 117de PC zou de geschiedenis ingaan als de “Trijekeningendei” .Want alle drie de kaatsers kregen evenveel stemmen.
PC-voorzitter mr. K. Bijlsma gaf de doorslag: “Gerrit Okkinga wie al kening yn 1963, Klaas van Wieren waard dat yn 1967 en dêrom ha wy besletten de keningspriis ut te rikken oan Dirk Talsma.” En die titel werd hem algemeen gegund.
Het drietal zou ook de jaren daarna bij elkaar blijven. Geplaagd door een blessure haalt Klaas in 1971 echter lang niet het niveau van het jaar daarvoor.
Maar de finale op de PC behalen ze wel. De drie koningen worden echter op de valreep verslagen.
1972 wordt weer een topjaar met twaalf eerste prijzen, waarvan vijf keer het koningsschap en een totaal van 55 punten.
Maar 1973 is opnieuw een mager jaar met 26 punten. Toch dringt Klaas met zijn maten in dat jaar weer door tot de finale op de PC.
Een extra feestelijke PC met de komst van prinses Beatrix en prins Claus.
En een speciale finale omdat Klaas zijn broer Wiebren tegenover zich treft.
Wiepie is dan twintig jaar en kaatst met Sjouke de Boer en Gerrit van der Heide. De winst is voor de jongste telg Van Wieren en Sjouke de Boer krijgt uit handen van prinses Beatrix de koningsbal omgehangen.
De glorie is terug in ’74 wanneer Klaas winnaar wordt van het klassement met 53 punten. Dat is dan dadelijk ook een record.
Nog nooit eerder was een kaatser erin geslaagd drie keer meer dan vijftig punten in één seizoen te veroveren.
Klaas, dan al eigenaar van het hotel in Berlikum, weet dat er nog meer in zit, wanneer hij zich serieus zou kunnen voorbereiden op het seizoen.
Maar wintertraining kan hij door zijn drukke werkzaamheden wel vergeten.
In een interview zegt hij: “Ik wol graach dat rekord van Klaas Kuiken, dy’t yn ien seizoen 62 punten behelle, ris ferbetterje.
Mar om’t ik yn ‘e earste partijen punten ferspylje, kom ik der krekt net oan ta.” Klaas, dan dertig jaar, wordt geplaagd door zijn noodzakelijke maatschappelijke carriere.
“Freedtejúns is ’t altyd let, sneontemoarns moat ik myn ferfanger yn ‘e saak ynwurkje,dan hurd nei ’t keatsen en júns oant ien oere wer achter de tap.”
Klaas noemt z’n broer Wiepie “in jonge mei in gefaarlike slach” en treft ook Robert nog regelmatig als tegenstander.
Maar Klaas zegt: “Moatst net rekkenje, dat my dat yn ‘e partij in soad útmakket.
Jo prate miskien minder of wat freonliker, mar ik bin likegoed fúl op winnen.
Robert is mear in prater, mar miskien doch ik dat ek wol, as ik wat álder bin. ”
Klaas noemt één belangrijke factor, die aanwezig moet zijn voor de winst: “As ’t fertrouwen der mar is, dan binne jo al in hiel ein.”
In 1975 treedt Klaas binnen de perken met de jeugdige debutant Piet Jetze Faber en opslager Johan van Seijst.
Zij schrijven de PC, mede door een gunstig lot, op hun naam. Eentje, waarvan Klaas zal zeggen: “Ik ha noch nea sa maklik de PC wún.”
Johan van Seijst werd tot koning uitgeroepen. Zijn tweede PC-koningstitel, iets dat nog niet eerder was voorgekomen.

Met broer Wiep

Van 1976 af kaatst Klaas in één perk met broer Wiep. Het eerste jaar nog met opslager Johan van Seijst, daarna drie jaar met opslager Sjouke de Boer.
En weer kaatst Klaas zich in de finale op de PC. Ze verliezen het echter van de jeugd: Sake Saakstra en Piet Jetze Faber, onder leiding van de ervaren Dirk Talsma, staan niet meer dan een eerst toe. Saakstra wordt koning.
Klaas wordt dat seizoen geteisterd door een knieblessure, maar de uitslagcapaciteiten van de Van Wierens oogstten veel bewondering en beloofden veel voor de toekomst.
 En die verwachting kon worden waargemaakt. De PC overwinning is in 1977 voor hen en Wiepie kreeg verdiend de koningstitel.
De huldiging vond plaats in Marssum. Een rondrit door het dorp in een koets, getrokken door Friese paarden en vele toespraken met kado’s in dorpshuis Nij Franjum.
Namens de familie Van Wieren offreerde Sietse van Wieren de prijswinnaars verzilverde koffiekannen.
En de koek was nog lang niet op. In 1978 herhaalden de drie het huzarenstukje. Weer troffen ze, evenals twee jaar eerder, Saakstra c.s in de finale.
Werd er toen verloren, nu sloten ze de roemruchte dag af in een spannende finale met winst op 5-4 en 6-6. Sjouke de Boer werd gekroond tot koning.
Al speelde het uitvallen van Dirk Talsma in de finale door een blessure hen in de kaart, aan de overwinning had Klaas niet getwijfeld.
Aldus het verslag in de krant: “Nei sneintejún hie ik der gjin momint oan twifele. Fansels kinst der troch elk partoer ofreage wurde, mar wy hiene ek neat te ferliezen.
Doe’t ik trije jier ferlyn mei Johan van Seijst en Piet Jetze Faber wún, tocht ik nei ofrin: Wat soe It foar ús heit en mem dochs prachtich wêze as ik mei ús Wiepie nochris de PC winne soe.
Doe’t wy yn ’76 yn ‘e finale stiene en ferlearen fún ik dat o sa spitich. Mar no winne wy twa kear achterelkoar.
Hoe is ’t mooglik, tinkst dan by dysels. Tink derom dat wy hjir bliid mei binne.”
1978 was voor de de PC een jubileumjaar. En bij gelegenheid van het 125-jarig bestaan kreeg Franeker een kaatsersstandbeeld kado: twee kaatsers in het perk, wachtend op de bal, in hun karakteristieke houding.
Een foto van Klaas en Wiep stond model voor het beeld.

De nadagen

Er volgen nog drie jaar op het hoogste niveau, waarvan 1980 met acht eerste prijzen allerminst aangeeft, dat Klaas niet meer mee kan.
Toch wordt, ook door journalisten, langzaam de balans opgemaakt. In een interview in de Leeuwarder Courant van 26 juli 1980 blikt Klaas al terug op zijn PC-overwinningen en welke nu de mooiste was.
“Yn ’t begjin fún ik dy alderearste kear it moaiste. Jo wiene doe kening fan ‘e partij en it is no ien kear sa: de kening, dat is ek de man.
Mar no sis ik dat ik it de moaiste kear fún, doe’t ik foar ’t earst wún mei Wiep en Sjouke.
Mei jo eigen broer winne, dat wie skitterend. En ik fan ’t foar ús heit ek sa moai.
Dy man libbet sa’n dei hielendal mei. Yn ‘e finale ha se him doe ophelle en hat er noch sjen kinnen hoe ’t wy as bruorrnen de priis wúnen.
Dat wie foar my ’t aldermoaiste.”
In hetzelfde interview komt ook Sjouke de Boer aan het woord. “In geweldige maat om mei te keatsen.
Ik fyn him foaral taktysk hiel sterk. En hy is o sa konstant. Kinst net sizze, dat er minder wurden is.
Ik mei graach mei Klaas keatse, mar wa past der no einliks net by Klaas? ”
In 1981, op 37-jarige leeftijd, neemt Klaas afscheid op de Oldehovedag.
Met een ingezonden stukje in de Leeuwarder Courant bedankt ‘in taskoger út Boksum’ him: Tank oan Klaas van Wieren.
Ferline snein op ‘e Aldehoudei hat Klaas van Wieren foar it lêst meidien as earsteklas keatser.
Achttjin jier hat hy in sieraad west op ‘e keatsfjilden. It wie in nocht nei him te sjen, net allinne as er in bal oer alles hinne reage, ek syn wize fan gean op it fjild, feardich en selsbewust, yn ‘e goede bestjutting fan it wurd.
Nea in ferkeard wurd of reaksje tsjin in maat, nee krekt oarsom, altyd bemoedigje.
Koartom, in sportman dêr’t elts in foarbyld oan nimme kin.
Dat hy as keatser noch net oan ‘e ein wie, liet hy snein noch efkes sjen. Fjouwer ballen sloech hy yn ien earst boppe en mear kin no ienris net. Bedankt Klaas en mei de foarsitter fan LKC hoopje ik dasto meidyn liederskapasiteiten yn ‘e takomst noch folIe foar it keatsen yn Fryslan betsjutte silst.
De jeugd en it keatsen hat ferlet fan sokke minsken!

Op 9 juni 1982 werd voor hem een afscheidswedstrijd georganiseerd door de kaatsverenigingen van Marssum, Menaldum en Berlikum.
Tien parturen met genodigde (oud)spelers kwamen op die partij tussen de lijnen op de Tsiene te Marssum.
Natuurlijk werden de capaciteiten van Klaas op diverse terreinen meerdere keren geroemd.
Maar één karaktereigenschap komt steeds terug. Zijn correcte gedrag op het veld en tegenover zijn maten.
Klaas zelf zegt daarover: “Doe’t ik earsteklasser waard, fongen mannen as Wietse Vlietstra en Hotze Schuil my geweldich op. Noait in ferkeard wurd ha ik fan harren heard.
Doe tocht ik al: Sa wol ik it letter ek dwaan.”
Klaas heeft in zijn jaren de intrede van de nap meegemaakt. Bij zijn afscheid kopt de krant de stelling uit zijn mond: “De nap heart net yn ’t Fryske spul”.
Want zo meende Klaas: ” Ik ha sels ek sa’n ding, want jo moatte mei de tiid mei, mar ik fyn it gjin ferbettering.
De nap heart net yn it Frysk spul. Wêr is de ein?
Do sjochst it al by de jeugd, dat se by it baltsjeferdriuwen einen fan elkoar óf stean mei dy dingen.
De fjilden binne aansens te lyts en dan geane wy de kant nei it Belgysk spul út.
As der optheden in keats slein wurdt, dan is dat in knapper west, want de bal soe boppe.
Fansels,jo soene gek wêze as jo net boppe slane as jo dat kinne. Ik sjoch it tsjuster yn. De jeugd wurdt hielendal traind op dy nap.
As dy aansens wat alder binne, binne de fjilden te lyts. ( …) Súnder nap hawwe wy ek wol alles fuortslein. ”

Klaas nu: “Keatsers sykje te min kontakt mei publyk.”
“Ik ha de earste 23 jier fan myn libben yn Marsum wenne en yn dy tiid hiel wat prizen wún.
De moaiste fan dy tiid wie, dat ik PC-kening waard. Al gau dêrnei trouden wy en binne wy nei Menaam ferhúze.
Ik bin altyd lid blean fansels, mar in partijtsje keatse slagget net mear fanwege de réch.
Ik fiel my noch o sa ferbún oan Marssum en fyn it hiel aardich dat ik no meidraai yn ‘e jubileumkommisje.
De moaiste oerwinnings bliuwe it winnen fan ‘e beide PC’s mei Wiepie. It is noch altyd unyk en foar ús heit en mem en de famylje wie ’t fansels fantastysk.
Myn bestean yn ‘e horeka wie net ideaal yn kombinaasje mei ’t keatsen.
Ik wie nachts altyd let, wurke yn in tsjuster hol en koe moarns op ’t fjild de sinne mar amper oan ‘e eagen ferneare.
Mar fansels, ik bin och sa tefreden mei myn keatskarriêre.
Nee, in opfolger ha ‘k net. Myn soan koe goed keatse, hat foar Berltsum ek de Skoaljongesbún wún, mar oan ‘e ein fan syn perioade únder de Jonges is hy ophálden.
No wie’t foar him ek wolris dreech. Der waard altyd mear fan him ferwachte. Hy wie ommers de soan fan Klaas van Wieren.
En it is in beskieden jonge. Miskien hat dat wol faak wat tefolle druk jún. ”
” Ja, by myn ófskie ha ‘k sein, dat de nap net thús heart yn ’t Fryske spul.
Mar ik sjoch no wol, dat de nap der net wer út kin. Earder hiene de minsken wurkhannen, mar hjoeddeis binne de hannen net mear sa at se froeger wiene.
Likegoed is de nap my noch altyd te grut. Dy moat lytser, sadatst wer wat mear fjildspul krijst.

Ja, it keatsen is folle profesjoneler wurden mei trainingen, massaazje en soksawat.
Wy stapten sa yn ’t fjild en dértroch hiest wol folle faker, dat keatsers har stikken sloegen.
Mar al is de begelieding en alles no folle better, de keaters hawwe wol folle minder kontakt mei de minsken om ’t fjild.
it publyk wurdearret it o sa dat de keatsers ris in praatsje meitsje. Der binne guon, dy’t harren noait mei ’t publyk bemuoie.
It is ommers in lytse muoite en it jout in hechtere bán.”
“Myn hert leit by ’t keatsen, al kin ik der net sa’n soad mear foar betsjutte troch myn wurk.
Myn bedriuw sponsort it keatsen, mar dat is alles. Ik moat my ek mar net bemuoie mei ’t oplieden fan ‘e jeugd.
Dér binne tsjintwurdich diplomearde minsken foar en dy dogge it prima, liket my. ”
“Spitigernóch is der gjin útwreiding mooglik fan wenningen yn Marsum.
Dêrtroch hawwe of krije ferienings it dreech. Wat dat oanbelanget, docht de keatsferiening it prima en dat kin net oars komme as troch in aktyf bestjoer en aktive leden.
Soks fertsjinnet in komplimint.
Klaas behaalde in totaal 669 punten in het Klassement aller tijden.
Hij won in totaal 136 eerste prijzen met 28 koningstitels. Er waren 92 tweede en 77 derde-vierde prijzen.
PC-prijzen: 1967 (1- kening) -1969 (3) -1970 (1) -1971 (2) -1972 (3)
-1973 (2) -1975 (1) -1976 (2) -1977 (1) -1978 (1) -1979 (3) -1980 (3)

Puntenlijst:        
Jaar: Eerste prijzen: Tweede prijzen: Derde-vierde prijzen: Koning:
1964 1 3 1
1965 4 4 3 2
1966 8 5 3 2
1967 10 6 4 3
1968 7 5 3
1969 9 2 3 4
1970 15 4 5 4
1971 6 2 7 3
1972 12 5 9
1973 6 2 4
1974 9 10 6 2
1975 11 5
1976 9 5 4 1
1977 9 8 4
1978 8 4 8
1979 1 10 6
1980 8 4 4 1
1981 2 8 3
         
Totaal 135 92 77 21
Bond 1 1

bron: Jubileumboek Kv Foarút, Auteur: Jelle Bangma