Robert van Wieren

Robert van Wieren

De oudste zoon van Wijbren van Wieren en Henriëtte Eidler werd geboren in Oostenrijk, maar vader Wijbren nam zijn jonge gezin al gauw weer terug mee naar Friesland.
Ja, dat schoolplein met grind staat ook in Robert’s geheugen geprint.
De klompen sliten sa hurd, us heit en mem hiene der eins mar in hekel oan. Robert won onder de jongens veel prijzen met Simon Maillé en Rintje Rekker.
“Yn it jier dat ik sechstjin wie, wunen wy in protte, utsein de Freule. Dat kaam om’t der wat skeel kaam tusken Sirnon en mij.
Ik sloech foar bêst op en stie achteryn. Simon syn alden funen, dat Simon ek wol wat mear dwaan koe.
Sa rekke dy by us wei en doe keatsten wy. fierder mei Wijbren Veeman. Dy wie gewoan wat minder as Simon
en dêrtroch koene wy it doe op ‘e Freule net winne.” Dat was in 1959. De jongens kwamen met een derde prijs terug in Marssum.
Als opslager stond hij z’n mannetje. “Mar ik hie al in stik skomrubber op ‘e heup, oars helle ik dy hielendal iepen”.
Een Jaar later won Robert wel de Jong Nederland-partij, samen met Rintje Rekker en Wiebren Veeman.
in 1960 beleefde hij ook zijn eerste PC samen met z’n maten Rienk de Groot en Aebe Haima.
Van Hotse Schuil c.s. werd verloren op 5-5 en 6-6.

Na een periode reserve-eersteklasser trad hij in 1963 toe tot de hoogste afdeling, waar hij
zich echter zelden in de prijzen kaatste.
Eén eerste prijs én koningstitel was in dat jaar echter wel voor hem: de Van Aisma-Dag, in beetgum een kaatsklassieker.
in 1968 stond Robert voor het eerst in de finale van de PC, samen met Pier de Groot en Gerrit van der Heide.
Tegenover hen Johan van Seijst, Johannes Westra en Tamme Velstra.
Geen van de finalisten had toen nog een PC-titel op z’n naam staan. De winst was dat jaar echter voor Van Seijst c.s. Tamme Velstra werd koning.
Robért zou nooit weer zo dicht bij een PC-titel komen.

In 1972 won hij nog een vierde prijs met Hotse Schuil en Lammert Breuker.
Hotse is dan 47 jaar!, heeft al drie keer afscheid genomen, maar is door Robert en Lammert gevraagd om in te vallen.
Zij worden dé sfeermakers van de PC. De krant verwoordt het zo: (…) het bewijst wel hoezeer we mensen als Hotse en Robert nodig hebben.
Het publiek wil nu eenmaal actie op het veld en komt wat dat betreft op de eerste klas wedstrijden maar al te vaak niet aan z’n trekken. (…)
Maar de 119de PC is vooral door het trio schuil een succes geworden. (…) En de partij van Schuil c.s. tegen de latere premiewinnaars,
in de derde omloop, was die niet adembenemend? Getuigde het niet van een grootse inzet dat Hotse, Robert en Lammert terugkwamen ondanks een 1-5 (!) achterstand en pas op 5-5 0-6 ‘belies joegen’?
Hartstikke jammer, foaral foar Robert, want dy hat net safolle kansen mear” ,zei Lammert Breuker na afloop van die partij in de kleedkamer.
Maar Robert zei: “Wij komen volgend jaar terug! ” en toen Hotse de kleedkamer binnenkwam en kwasi-ernstig vroeg:
“Nou bin ik earst wer fan myn ferplichtingen úntslein net? ” , kreeg hij van Robert van Wieren een oprecht gemeend “do hast it geweldich dien Hotse, nochris bedankt hear’, te horen. (…)
Maar Hotse zei: “De minsken tinke dat ik hjir elk jier wer graach kom. No man, ik krij straks echtskieding troch dat keatsen.
En ik ha sa’n leaf wyfke…”

“Asto mei twa sokke grutte mannen keatst, dan fielst dy direkt seker.
It hat my poerbést foldien. Dy Robert, dy hemelt dy op, dy haldt de kop der foar en dy seit dy wérsto stean moatst,
” zei Lammert Breuker terwijl hij zijn drijfnatte kaatssokken uit trok.
” Robert is net allinne in goede lieder, hy is ek in béste keatser. Hy kin ek wat.
Hy sit mei syn saak, mar oars koe hy bést yn ‘e earste klasse. (…)
Wier, Robert is in fantastyske maat.”
Robert van Wieren, het ‘kreaze pak’ al weer aan, grommelt nog wat na: “potverdikke net Hotse.
Wy hawwe noch kondysje genóch en dochs der óf. ”

In datzelfde jaar was Robert wel succesvol geweest op de Bondspartij samen met Lammert Breuker en z’n pas achttien-jarige broer Wiebren.
Zes keer moesten ze aan de bak, terwijl ze ook nog een staand nummer hadden gehad.
In de vierde omloop was Harlingen, met Hotse Schuil, de lastigste tegenstander gebleken. Pas met alles aan de hang kon de strijd winnend worden afgesloten.
En toen omroeper ‘Douwe Beerke’ met bel de finale had aangekondigd: Márssum en Báaard!!, ging de strijd los.
Baard kwam met Piet Tuinman, Tamme Velstra en Dirk van der Zee tussen de lijnen.
Het waren twee verrassende finalisten geweest, van wie Marssum op 5-4 en 6-0 de sterkste bleek.
En toen was het feest. De aanstormende Marssumers namen hun helden op de schouders, vaandeldrager Sietse van Wieren stormde met het vaandel het veld op en gaf dat Robert in handen.
En die nam z’n vader in de armen, drukte hem bijna plat en riep: “Wy ha wun, wat fijn net álde!”
Gezeten in een eend, waarvan het dakje immers zo gemakkelijk was te verwijderen, volgde ‘s avonds nog een triomftocht door het dorp.
Het was twee keer eerder voorgekomen, in 1900 en in 1905. Marssum had er dus lang op moeten wachten, maar het had, juist in het 75-jarig jubileumjaar, geen mooier jubileumkado kunnen krijgen.
En wat was het partuur er een jaar later opnieuw dicht bij. Weer finalist van de 67 deelnemende afdelingen.
Maar op 5-2 en 2-6 werd verloren van Winsum, dat daarmee voor het eerst in de geschiedenis Bondswinnaar werd.
In 1975 waren ze opnieuw verliezend finalist.
Ditmaal werd verloren van Drachten, met Flip Soolsma, Johan van Seijst en Rein Ferwerda.
Na afloop laat Robert de pers weten: “Foar de minsken is de premy neat,wier net. (…) Doe’t wy yn 1972 de Bond wunen, hawwe wy in prachtich feest hán. Geweldich wie’t, mar doe’t wy dêrnei twadde waarden, seagen se ús net iens”.

Robert is de meest bespraakte van het viertal. Hij roert z’n mondje niet alleen danig op het veld, ook in een krante-interview met vader Wiebren en de vier zonen uit 1975 wordt naast heit alleen Robert geciteerd.
Dat zegt genoeg. Citaat van Robert: ” Asto it net mear mei it slaan winne kinst, dan moatst prebeare se deróf te praten.”
Vaak werd Robert geplaagd door blessures.
Na 1966 is hij eigenlijk niet meer blessurevrij geweest.
” De earm wie stikken en dêrtroch waard it sukkeljen.”

“Doe’t ik ophold mei keatsen: fún ik wol dat ik wat dwaan moast foar de feriening.
Sa haw ik in jier as tsien lieding jun oan ‘t frouljuskeatsen en lid west fan ‘e jeugdkommisje.
Dêrneist wie ik coach fan ‘t senioare-ofdielingspartoer.
Dat wie fansels hiel aardich, foaral doe’t Klaas en Wiepie beide noch keatsten.
Lieding jaan wie frij maklik, want Wiepie en ik fielden inoar benammen hiel goed oan.
Wy hoegden inoar soms mar oan te sjen of inoar even ta te knikken, dan wie ‘t al genoch.
Soks is better as datst lúdop sizze moatst únder ‘t publyk fan ‘ruilje’ of ‘de bal oernimme’.”
De keatsferiening betsjut hiel wat foar my. De feriening wie de basis en it skoalplein ek fansels, dêr ha wy it allegear leard.
Mei master Heeringa en master Van der Meulen en omke Anne. En op ‘e dyk, och ja, ik bin mei ‘t keatsen grut brocht.

De Bunspartij fan ’72 hat wol de moaiste oerwinning west.
Tegearre mei us Wiepie en Lammert Breuker.
En dat us heit soks noch meimeitsje mocht. Fierders is de partij yn Bitgum doe’t ik kening waard fansels in hiele moai ien.
Doe wie ik krekt út tsjinst en waard frege troch Wietse Vlietstra en Roel Hoekstra, twa alde maten.
‘Och hea’, sei ‘k doe’t se my fregen, ‘moat ik mei jimme, dan kin ‘k better noch in jier wachtsje.’
Mar ferdikke, wy wúnen de priis. Ja, soks bliuwt jo by.”
“Troch myn wurk yn ‘e kapperssaak koe ik inkeld op snein keatse.
Dat wie fansels net in geweldige situaasje, mar ja, ‘t maatskiplik belang gong foar.
oan ‘e oare kant hie ik troch it keatsen ek wer in soad klanten.
Mar troch in stikken skouder waard ik eins hielendal útskeakele. 24 jier wie ‘k, doe wie ‘t gebeurd.
Ja, ik mocht graach boppe slaan en sneins moast ik my ek ekstra bewize.
Se ha my wol warskoge, dy ald-keatsers: ‘Moatst ophalde hieltyd op dy boppe te huifen, want do giest stikken.’ En se krigen gelyk. ”
“Mar ik wie net de iennichste, der wiene in soad, dy’t opholden mei in stikken skouder of stikkene earm.
No hearst dêr noait mear fan. It komt grif troch de nap.
Want doe’t dy nap der yn kaam en ik dy slach wat finder de knibbel hie, koe ‘k wer mei gemak boppe en sunder dat ik pine hie.
Dokter Strikwerda hat my ek yn ‘t skouder spuite hear, mar doe ha’k dochs noch jierren keatse kinnen.
O ja, mei in soad wille, ek by de 35-plussers en sa “!
“It spul is wol feroare troch de want. Hast no folle minder tuskenspul en dêr is ‘t minder aardich fan wurden.
It keatsen is hjoeddedei ek wat te dea, fyn ik. Earder wie der mear libben yn en om ‘t fjild. ”
“Myn trije soannen kinne knap keatse, mar der hie wol mear yn sitten.
Se hiene der net sa’n nocht oan en dan bin ik net ien dy’t seit: ‘no moatte jimme dit en dat’.
Ik fún it wol spitich, mar se binne dêr sels baas yn,”
“Mar no achteraf, hie der foar mysels ek mear yn sitten. Ja, ik hie graach mear sjen litte wollen, mear prizen winne wollen, mar ik siet mei de saak.
Dêrom hat it my in grutte foldwaaning jún dat Klaas en Wiepie it wol foarinoar krije koene.
Ja, wy binne en hechte famylje en der bin ik grutsk op. ”
In totaal veroverde Robert in de eerste klas 18 eerste prijzen, 31 tweede en 41 derde/vierde prijzen.
In 1977 eindigde zijn kaatscarriére met een puntentotaal van 149.
PC-prizen: 1968 (2) -1972 (4) Bondsprizen: 1972 (1) -1973 (2) -1975 (2) -1977 (3)

Puntenlijst :        
         
Jaar: Eerste prijzen: Tweede prijzen: Derde-vierde prijzen: Koning:
1960 2 4
1961 3 3
1962 2 1
1963 1
1964 1 3 5
1965 1 1 4
1966 3 3 3
1967 1 2 1
1968 1 1 1
1969 1 2
1970 1
1971/72 1 1 3
1973 2 1 1
1974 3 2 3
1975 1 3 3
1976 1 1 6
1977 2 1
         
Totaal: 17 29 40  
Bond:  1 2 1

bron: Jubileumboek Kv Foarút, Auteur: Jelle Bangma